Op woansdei 24 april waard It Grut Frysk Diktee 2024 útstjoerd.
Foar de meiskriuwers fine jo hjir de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee, skreaun troch Gerrit Hiemstra.
Ofskied fan ’e winter
- Jitris in winter dat Jûkelburd ús grouwélich yn ’e steek liet. In pear nachten dat it frear en yn jannewaris wrychtich in flueske iis, mar fierder wie it stronttrochwiet, griis, sêft, kerbûstich en ûnlijich. De redens hoegden net út it fet.
- Febrewaris wie de útsetter: de trochsneed temperatuer yn Ljouwert is 3,2 graden Celsius, fan ’t jier lei er dêr 4,2 graden boppe. Sûnt 1901 wie de sellemoanne net sa waarm.
- Gâns lju hawwe der gjin erch yn. De âlderein heucht it skiere ferline noch. De âlderwetske winters sitte harren noch yn it ûnthâld fêstferzen en se klamje harren fêst oan de yllúzje dat dy nochris weromkomme.
- De jongerein hat alhiel gjin weet fan de eardere winters en is al lang wend oan it hjoeddeiske klimaat. Mar foar elkenien jildt itselde: it klimaat fan eartiids is fuortteid en komt nea werom. Wy moatte ôfskied nimme en dat keallet swier.
- En it bliuwt net sa as it no is. Yn ’e takomst krije wy noch minder froast en snie, winterdeis noch mear reinwetter, simmerdeis mear drûchte, ôfwiksele mei eazjende stjalprein dy’t de strjitten derûnder strûpe lit.
- As wy leaver gjin ôfskied nimme wolle fan Rûchburd, dan moatte wy ôfskied nimme fan fossile branje, all-inclusive fleanfakânsjes nei bountyeilannen, fan suvel en fleis; om koart te kriemen: fan ús allesferslinende libbensstyl.
- Dan moatte wy as mienskip omstean leare en dat wurdt in heikarwei. Mar de grutste transysje moat oars earne syn beslach krije: by ússels tusken de earen. En dat wurdt sûnder mis it alderdreechste!
Gerrit Hiemstra, 2024
Ek goed:
Titel: Ofskie
sin 1: krebûstich, karbûstich
sin 2: trochsnee
sin 6: brânje
sin 7: heikerwei, allerdreechste