Oer it Grut Frysk Diktee

Grut Frysk Diktee 

It Grut Frysk Diktee waard holden op tiisdei 8 april 2025 yn Ljouwert, yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. It isopnommen troch Omrop Fryslân en op 9 april 2025 útstjoerd.

Organisaasje en sjuery

It Grut Frysk Diktee 2025 is organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân.

De sjuery fan it diktee bestie út Rianne Blokzijl, Grietje van der Weg-Zijlstra, Mirjam Vellinga en Hindrik Sijens. De sjuery stelt de tekst fan it diktee fêst, hâldt tafersjoch op de wedstriid en wiist de winners oan. De útspraak fan de sjuery is binend.

Korreksjeregels 2025

  1. Der moat opskreaun wêze wat sein is. Dus as hjitte of húsketonne sein is, dan is hite of hûsketonne Utsûnderingen: fan ’t, yn ’e foar fan it, yn de (en oarsom).
  2. As 1 flater rekkenje:
  • alle staveringsflaters;
  • ferkearde of missende skerptekens of dakjes;
  • as stipkes net op ’e ij steane, dêr’t dat perfoarst al moat (nys.f. nij);
  • wannear’t der gjin skrapkes yn om’t, dy’t, ear’t steane (in spaasje tusken om en ’t ensfh. is ferkeard en telt as ½ flater, sj. pnt 3);
  • in wurd fergetten;
  • in wurd tefolle (dat net sein is);
  • haadletter of lytse letter dêr’t it al/net moat.
  1. As in ½ flater rekkenje:
  • wurden dy’t los faninoar skreaun binne wylst dat net moat;
  • wurden dy’t oaninoar fêst skreaun binne wylst se los moatte;
  • temin of tefolle keppelstreekjes, dûbele punten.
  • spaasje tusken foarôfgeand wurd en ‘ (om’t, dy’t, ear’t).
  1. Net as flater rekkenje:
  • krekt itselde wurd wer ferkeard;
  • ferkeard brûkte komma’s, puntkomma’s, punten, oanheltekens, tinkstreekjes – .
  • der kin maksimaal ien flater yn ien wurd sitte.
  1. De diktees fan ’e trije finalisten mei de minste flaters, wurde noch in kear neisjoen. Mocht it nedich wêze om de ûnderlinge folchoarder fêst te stellen dan wurde:
  • deselde wurden dy’t hieltyd ferkeard skreaun binne, no elk as 1 flater rekkene;
  • de flaters fan punt trije as 1 flater rekkene.
  1. Utslach teams: Fan elk team wurdt it trochsneed tal flaters berekkene. It team dat yn trochsneed de minste flaters hat, is de winner fan de wedstriid foar teams.
  2. De staveringsregels dy’t de Provinsje yn 2015 fêststeld hat, binne fan tapassing. By ûnfoarsjoene gefallen beslút de sjuery. De sjuery stelt de útslach fêst. De útslach is binend.