292 minsken hawwe meidien oan de kwalifikaasje fan it Grut Frysk Diktee 2024. Gjinien dêrfan hie alle flaters derút helle, mar guon kamen wol hiel fier. Ien fan de ynstjonkers dy’t hast elk oer de kop sjoen hie, wie ‘drege flut’ yn de sin ‘Rúnemiich, sljetswetter, drege flut en skûttelwetter is taal dy’t de moderne barrista net ferstiet.’ It wurd ‘drege’ hie ‘dreage’ wêze moatten. It komt fan ‘dreagje’ en dat betsjut ‘de rjemme ôfskeppe fan’. ‘Dreage flut’ is dus de molke dy’t oerbliuwt as de rjemme derôf is, wetterich fan kwaliteit dus. Oerdrachtlik kin it ek foar sloppe kofje brûkt wurde.
De 20 kandidaten dy’t it kwalifikaasjediktee it bêste makke hawwe, binne ûnderwilens útnûge foar it Grut Frysk Diktee, dat op 23 april holden wurdt en op 24 april útstjoerd wurdt.
De (goede) tekst fan it kwalifikaasjediktee is hjir te lêzen.