Learlingen út groep (7,) 8 kinne meidwaan oan it Lyts Frysk Diktee. Alle skoallen yn Fryslân wurde dêr foar útnûge. De learlingen kinne proefdiktee meitsje en kwalifisearje harren oan de hân fan in seleksjediktee. De bêste learlingen út groep (7,) 8 fan de Fryske basisskoallen dogge mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. It Lyts Frysk Diktee wurdt yn de steateseal yn it provinsjehûs hâlden. De organisaasje fan it Lyts Frysk Diktee is yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.
Oanmelde foar it Lyts Frysk Diktee 2025
Oefenje foar it Lyts Frysk Diktee
Om alfêst op skoalle te oefenjen foar it seleksjediktee dat jim tastjoerd krije, stiet hjirûnder alfêst in oefendiktee om te meitsjen.
Sa sjocht it Lyts Frysk Diktee der út
Sjoch ûndersteande reportaazje dy’t ferline jier makke is oer Saphyra uit Holwert, dy’t meidien hat.
Sjuery Lyts Frysk Diktee
De sjuery stelt de tekst fan it Lyts Frysk Diktee fêst, hâldt tafersjoch op de wedstriid en wiist de úteinlike winner oan. De útspraak fan de sjuery is binend.