Op 17 maaie hat Lútsen Bakker It Grut Frysk Diktee 2022 wûn. It diktee, dat skreaun is troch twadde keamerlid Habtamu de Hoop, waard dit jier yn in nije foarm hâlden. De 15 yndividuele dielnimmers hiene har foarôf kwalifisearre foar it diktee. Neist de yndividuele dielnimmers dienen der ek seis teams mei. Fan harren hat it team studinten it diktee it bêste makke.