Dikteetekst It Grut Frysk Diktee 2022

Op woansdei 18 maaie waard It Grut Frysk Diktee 2022 útstjoerd. De winner fan it diktee is bekend. Foar de meiskriuwers fine jo hjir de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee, skreaun troch Habtamu de Hoop.

In natuertalint

  1. Elkenien dy’t jong is hat in dream. De iene wol proffuotballer wurde, in oarenien giselwjukpiloat en in inkeling kening op de PC yn Frjentsjer. Dit jonkje wie sa’nien. 
  • As bern gie er simmerdeis mei syn âldelju op de fyts nei it Sjûkelân en hy keatste yn ’e wykeinen safolle mooglik wedstriden. 
  • Al gau die bliken dat er net in soad keatstalint hie. Hy wie net atletysk, minder mânsk as de oaren fan syn jierren en samar klomsk. 
  • Suver alle wiken moast er fanwegen in trochsleine hân wer balkeare. Mar dochs hold er de kop derfoar. As er alle jûnen hûndert ballen opslaan soe, dan soe it dochs in kear better gean? 
  • De holle woe wol, mar de lea wurke net mei. Tsjin alle ferwachtingen yn die hy as jongkeardel mei oan de Freulepartij yn Wommels foar syn doarp Tsjom. En dêr koe er ek gjin wedstriid winne. 
  • Mar mei’t syn sportive prestaasjes efterútbuorken, ûntduts er in oar talint. Om’t er sa gefoelich wie foar it waar, fielde er as gjin oar oan oft it eazje soe, dat it glûpende kâld waard of dat der in pypkanielstoarm komme soe.
  • It foel hieltyd mear minsken op hoe bysûnder oft syn unike gefoel foar atmosfearyske feroaringen wie. It kaam safier dat de agrariërs him fregen wannear’t se yn ‘e haaiïng moasten en dat er rieplachte waard oft it yn ’e kiif stie oft it fuotbaltoernoai sneontemoarns wol trochgean koe. 
  • Piet soe in sneinskeatser bleaun wêze en nea kening fan ’e PC wurde, mar hy waard wol de kening fan ‘e waarlju. As it op waarfoarsizzingen oankaam sloech er altyd in boppeslach.
  • Fan profesje waard er meteorolooch, mar boppe-al bleau er gewoan Piet, dat jonkje út Tsjom. Lit ús hjoed foar Piet mei-inoar noch ienris yn it waar sjen.

Habtamu de Hoop

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *