Martsje de Jong skriuwt it Lyts Frysk Diktee 2022

Op tongersdei 14 april dogge 40 Fryske bern mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Yn
de Steateseal fan de provinsje Fryslân wurde sy útdage om sa goed mooglik Frysk te
skriuwen.

De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Martsje de Jong, bekend fan ûnder oaren de
Fryske oersettings fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren (2020) en De Goargels fan Jochem
Myjer (2021).

De foarronde foar it diktee is earder dizze moanne holden op 16 Fryske basisskoallen. Sa’n
350 bern diene dêroan mei en dêrfan geane 40 troch nei de finale yn de Steateseal.

It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Fryske Akademy, de Afûk, it Cedin en de
provinsje Fryslân.

Foto Marcel J. de Jong