Kwalifikaasje foar it Lyts Frysk Diktee

Bern út groep 7 en 8 fan sa’n 15 skoallen yn Fryslân dogge dizze wike mei oan de kwalifikaasje foar it Lyts Frysk Diktee. De bern dy’t it diktee it bêste meitsje meie meidwaan oan it Lyts Frysk Diktee dat hâlden wurdt op 14 april 2022 yn de Steateseal op it provinsjehûs. Ek de kwalifikaasje foar it Grut Frysk Diktee sil dizze moanne úteinsette. Mear ynformaasje dêroer folget noch.

foto: Siem Akkerman – provinsje Fryslân