Dikteetekst Grut Frysk diktee 2023

Op woansdei 24 maaie waard It Grut Frysk Diktee 2023 útstjoerd. Foar de meiskriuwers fine jo hjir de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee, skreaun troch Iris Kroes.

It tritigersdilemma

  1.        It komt my oer it mêd. It hûs leit fol blijreade, turkoaiske en koskitengriene konfetty. It is ien grutte rotsoai en der stiet in ûnbidich spandoek yn de tún: ‘Ja it is echt wier, do bist no tritich jier.’

  2.        Tritich! Guon jongkeardels en jongfammen falt it kâld op ‘e lea. Dat komt foaral troch dy oare noaswize, wetige generaasjes. Is dit it plak yn it libben dêr’tsto graach wêze wolst? Bist lokkich yn de leafde? Dochsto it wurk dat by dy past? Slacht it tritigersdilemma ta?

  3.        De tritigers fan hjoed-de-dei binne oars as de tritigers fan fjirtich jier lyn. Wêr’t eartiids de tweintigers al in lûdroftich boartsjend neiteam om har hinne hiene, sitte hja no tusken de boeddha’s op ’e siik nei harsels, en dat fielt as in frettende wroechwjirm.

  4.        De single frou swipet ljuensk op in datingapp, sykjend om dy iene kreaze feint. Boppe-oan stean de keardels dy’t har liket hawwe. De iene sjocht derút as in healwizeling, de oare liket in biis en wer in oarenien hat babbelegûchjes. Is dit it no?

  5.        De ambisjeuze frou mei prakkesearderige freondinnen dy’t har út de naden skreppe, mar alle jûnen mei pineholle ûnderút sakke op de bank hingje, dat is gjin trewes. Is dit it no?

  6.        Do bist folwoeksen en ûnôfhinklik, mar hieltiten komt dy fraach op, is dit it no? As tritiger binne der fragen by de roes, mar hâldst dy net allegeduerigen?

  7.        Dat hiele tritigersdilemma, ik ferpof it sa wyt as sûpe om deroan mei te dwaan. ‘Ei fanke, it is mar in getal,’ joech in âldwyfke my skealik te hâlden. En bytiden tink ik wier noch wolris, hiel temûk, wie ik noch mar wer ris dat soargeleaze krollekopke fan trettjin, mar wolfernoege sis ik yn twatûzen trijentweintich: ‘Dit is it!’

Iris Kroes