Renze Stiemsma fan basisskoalle De Griffel yn Ljussens kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 8 flaters waard er hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Twadde waard Jelmer Faber, ek learling fan De Griffel yn Ljussens, mei 10 flaters. It tredde plak wie foar Brecht Haantjes fan De Jasker út Nij Beets. Hja hie 11 flaters.
Der dienen yn totaal 40 learlingen fan 16 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwster Martsje de Jong skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Martsje de Jong is bekend fan ûnder oaren de Fryske oersettings fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren (2020) en De Goargels fan Jochem Myjer (2021)
De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.