Oer it Grut Frysk Diktee 2024

Grut Frysk Diktee 2024

It Grut Frysk Diktee wurdt holden op tiisdei 23 april yn Ljouwert, yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. It wurdt opnommen troch Omrop Fryslân en op 24 april útstjoerd. Wa’t  de tekst fan it diktee skriuwe sil, is noch net bekend.

Meidwaan

Wa’t meidwaan wol, moat in kwalifikaasjediktee meitsje. Dat diktee stiet fan 4 maart ôf op dizze website. Fan de bêste ynstjoerders krije 20 in plakje yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Neist dizze finalisten dogge der ek fiif teams op útnûging oan it diktee mei; dy’t stride om in aparte priis.

Organisaasje en sjuery

It Grut Frysk Diktee 2024 wurdt organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân.

De sjuery fan it diktee bestiet út Rianne Blokzijl, Eelke Goodijk, Mirjam Vellinga en Hindrik Sijens. De sjuery stelt de tekst fan it diktee fêst, hâldt tafersjoch op de wedstriid en wiist de winners oan. De útspraak fan de sjuery is binend.

Korreksjeregels 2024

  1. Der moat opskreaun wêze wat sein is. Dus as hjitte of húsketonne sein is, dan is hite of hûsketonne Utsûnderingen: fan ’t, yn ’e foar fan it, yn de (en oarsom).
  2. As 1 flater rekkenje:
  • alle staveringsflaters;
  • ferkearde of missende skerptekens of dakjes;
  • as stipkes net op ’e ij steane, dêr’t dat perfoarst al moat (nys.f. nij);
  • wannear’t der gjin skrapkes yn om’t, dy’t, ear’t steane (in spaasje tusken om en ’t ensfh. is ferkeard en telt as ½ flater, sj. pnt 3);
  • in wurd fergetten;
  • in wurd tefolle (dat net sein is);
  • haadletter of lytse letter dêr’t it al/net moat.
  1. As in ½ flater rekkenje:
  • wurden dy’t los faninoar skreaun binne wylst dat net moat;
  • wurden dy’t oaninoar fêst skreaun binne wylst se los moatte;
  • temin of tefolle keppelstreekjes, dûbele punten.
  • spaasje tusken foarôfgeand wurd en ‘ (om’t, dy’t, ear’t).
  1. Net as flater rekkenje:
  • krekt itselde wurd wer ferkeard;
  • ferkeard brûkte komma’s, puntkomma’s, punten, oanheltekens, tinkstreekjes – .
  • der kin maksimaal ien flater yn ien wurd sitte.
  1. De diktees fan ’e trije finalisten mei de minste flaters, wurde noch in kear neisjoen. Mocht it nedich wêze om de ûnderlinge folchoarder fêst te stellen dan wurde:
  • deselde wurden dy’t hieltyd ferkeard skreaun binne, no elk as 1 flater rekkene;
  • de flaters fan punt trije as 1 flater rekkene.
  1. Utslach teams: Fan elk team wurdt it trochsneed tal flaters berekkene. It team dat yn trochsneed de minste flaters hat, is de winner fan de wedstriid foar teams.
  2. De staveringsregels dy’t de Provinsje yn 2015 fêststeld hat, binne fan tapassing. By ûnfoarsjoene gefallen beslút de sjuery. De sjuery stelt de útslach fêst. De útslach is binend.