Dikteetekst Grut Frysk Diktee 2025

As it oangiet

  1. As it heal kin, organisearret de Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden it leafst alle winters in Alvestêdetocht. Foar dizze yn- en ynfryske tradysje moat it fansels wol ta- en trochferzen hawwe.
  2. It hat mear fuotten yn it gat as wat streken sette op de ûnderstrûpte Ryptsjerksterpolder. Al is soks prachtich foar de earste dryste weachhalzen.
  3. As it startskot klinkt, meie fiifentweintichtûzen fanatike reedriders moarns ier en betiid de termomûtse opsette, om harren dream, yllúzje of yrreële ferwachting nei te jeien oer dy grouwélich lange ôfstân.
  4. Mei gefaar foar eigen libben stoarte de riders har op it iis en dat giet net altyd goed. Traumasjirurgen, gipsferbânmasters en akutesoarchferpleechkundigen hawwe it brândrok om bluodderige teannen, stikkene polzen en oare skansearringen te ferhelpen.
  5. De feriening stiet altyd klear om yn aksje te kommen. Fansels is de organisaasje meigroeid mei de tiid. Nijmoadrige ûntwikkelingen as transponders, kompjûtersimulaasjes, satellytportofoanen en in wedstriid foar froulju hearre der hjoed-de-dei by.
  6. Mar krekt it fêsthâlden oan tradysjes makket it ta in unyk barren. Alderwetsk mei de hân stimpelje, klúnje oer striepakken, wachtsje yn startkoaien, dat alles bliuwt itselde. En noch altyd wurdt it evenemint organisearre troch frijwilligers en sûnder ferfijde sponsoaren.
  7. Mindert Hepkema, de earste foarsitter, organisearre acht tochten. Fan syn acht opfolgers hawwe fjouwer noait in tocht yn útfiering meimakke.
  8. Troch klimatologyske feroarings wurdt de kâns op in nije tocht hieltyd lytser. Mar as it wer sterk iis is en it heve sil, dan slute wy ek de sechstjinde edysje fan it meast bysûndere sportevenemint op ierde yn it hert. Wat wurdt de opfolger fan ‘It giet oan’?

Wiebe Wieling, 2025

Sin 5: wedstryd is ek goed
Sin 6: Âlderwetsk is ek goed