It Grut Frysk Diktee wurdt dit jier skreaun troch de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.
Nyk de Vries is ein 2019 beneamd as Dichter fan Fryslân. Twa jier lang is hy de poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Earder skreaun hy ûnder oare de gedichtenbondels ‘Moterman’ en ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Yn 2015 kaam syn tredde roman ‘Renger’ út.
It diktee is dit jier live te folgjen fia de livestream op de website www.fryskdiktee.nl. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2020.
(foto Tresoar Haye Bijlstra)