Op tiisdei 21 april nimme de bêste Frysk skriuwende skoalbern it tsjin inoar op yn de Steateseal. Middeis wurdt dêr it Lyts Frysk Diktee hâlden foar skoalbern út de boppebou fan de basisskoalle. Skriuwster fan ûnder oare It Deiboek, Janny van der Molen, skriuwt it bernediktee. De bern kinne harren fia de eigen skoalle kwalifisearje foar it diktee.
(foto: Douwe Jense)