680 minsken dogge mei oan Grut Frysk Diktee

Mei-inoar 680 minsken hawwe har opjûn foar it Grut Frysk Diktee. Dat is in rekôr. Noait diene safolle minsken tagelyk mei oan in dikteewedstriid. En dan binne de ‘thúsmeiskriuwers´ noch net iens meirekkene.
De organisaasje is tige optein oer it grutte tal oanmeldingen. Sjueryfoarsitter Hindrik Sijens: “Wy hiene stikem wol hope dat wy boppe de 600 oanmeldingen komme soene, mar dat it ek echt slagge is, is fansels fantastysk.” Oan de opjeften is te sjen dat minsken fan alle leeftiden meidogge oan it diktee. De jongste is 12 en de âldste is 87. De jongerein is goed fertsjintwurdige.

Bekende Friezen
Ferskate bekende Friezen weagje har fan ’t jier ek wer oan it diktee. Sjonger Jelle B, presintator fan it Klokhuis Habtamu de Hoop, sjongeres Griet Wiersma, sterke mannen heit en soan Zijlstra, âld-politikus Lutz Jacobi en topkok Reitse Spanninga binne derby. Ek de winnende bekende Friezen fan de ôfrûne jierren dogge mei. De tekst is dit jier skreaun troch de presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, Welmoed Sijtsma.

Foto: Lucas Kemper

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *