Welmoed Sijtsma skriuwt it Grut Frysk Diktee 2018

De spesjale edysje fan it Grut Frysk Diktee 2018 wurdt skreaun en foarlêzen troch Welmoed Sijtsma. Welmoed komt út Hurdegaryp en hat foarhinne foar Omrop Fryslân wurke. Sûnt 2015 presintearret se it Jeugdjournaal by de NOS.