Grut Frysk Diktee: ‘It plein moat fol’

Der hawwe harren al mear as 500 minsken oanmeld foar It Grut Frysk Diktee dat op 21 juny by de Aldehou yn Ljouwert holden wurdt. De organisaasje is bliid mei dit oantal, mar lit witte dat der noch hieltyd mear by kinne.

“Wy binne hiel bliid dat der no al 500 ynskriuwingen binne”, seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens. “Dat is folle mear as oare jierren, mar der kinne fansels noch folle mear meidwaan. It plein moat fol.”

Elkenien boppe de tolve jier kin meidwaan. In kwalifikaasje is dit jier dus ek net nedich. Sijens: “Elkenien kin meidwaan. Bedriuwen, personielsferieningen, skoalklassen en oare ferieningen binne fan herte wolkom.”

Oanmelde foar It Grut Frysk Diktee kin noch oant 13 juny.