It Grut Frysk Diktee giet foar in rekôr

It hiele Aldehoustertsjerkhôf fol mei skoalbankjes, mei minsken, jong en âld, dy´t oan it Grut Frysk Diktee skriuwe. Dat Grut Frysk Diktee wurdt dit jier grutter as oait tefoaren. It doel is om in rekôr oantal minsken meiskriuwe te litten en elk kin meidwaan! Bekende Friezen lykas âld-politika Lutz Jacobi, Habtamu de Hoop, de nije presintator fan it Klokhuis, sterke mannen heit en soan Zijlstra en sjongeres Griet Wiersma dogge al mei. Wolst ek ûnderdiel wêze fan dit ultime rekôr op 21 juny? Dat kin! Elkenien boppe de tolve jier kin meidwaan, in kwalifikaasje is fan ‘t jier net nedich. Skriuw dy foar 1 juny yn op: Fryskdiktee.frl. Omrop Fryslân is derby en stjoert de spesjale edysje fan it Grut Frysk Diktee live út.